Frysk Folksliet

Frysk bloed tsjoch op! Wol nou ris brûze-en siede
En bûnzje troch ús ieren om.
Flean op! Wy sjonge-it bêste lân fan ’e ierde,
It Fryske lân fol eare-en rom.

Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!
Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen.
Oerâlde, leave Fryske grûn.
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen.
Dy’t Friezen oan har lân ferbûn.

Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!
Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!

Fen bûgjen frjemd bleau by’t âld folk yn eare
Syn namme-en tael, syn frije sin;
Syn wurd wie wet: rjocht, sljocht en trou syn leare;
En twang fan wa ek, stie it tsjin.

Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!
Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!

Throchloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders great.
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krêftich bloeiend leat!

Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!
Klink dan en daverje, fier yn it rûn,
Dyn âlde eare o Fryke grûn!