Doe ’t pake jit feint wie en beppe jit faam,
Doe wie ’t
allegearre net heal sa foarnaam
En deftich as no;
Men neamde
elkoar do;
Goedei en goed wei en dêr gyng it mei ou.
Doe wiene de minsken rûnboarstich en plat,
Hja neamden
ienfâldich in kat mar in kat;
No wurde se boas
En lûke
oan ’e noas
Oer echtfryske wurden, - mar net oer wat oars.
Doe gyng ek in boer jitte klaaid as in boer,
En
stêdskompliminten dêr mocht er net oer.
Wat roppe se
no?
Menhear en juffrou!
Tsjin boer en boerinne, soms lompen en
grou.
Doe stelde de Fries yn syn taal jit in ear;
Dêr kaam er
mei del by de grutste menhear;
Dat liket no neat!
No binne se
great
Op healbakken Hollânsk, hoe bryk en ferkeard.
Doe ’t pake jit feint wie en beppe jit faam
Doe wie ’t
allegearre net heal sa foarnaam.
Foarútgong is no
It
roppen al gau,
Mar ’t falt yn in hiele boel dingen wat ou.